Easter Seminar “Building Bridges”

Op 7 oant en mei 14 april sil de Easter Seminar holden wurde yn Albanië, yn Golem, Dürres. En foar wa’t tinkt: “wêr leit dat??” It leit oan see, tusken de palmbeamkes. Tige ferfelend dus om dêr aanst te moetsjen mei it YEN.

Der sil in oare set-up wêze foar workshops: der binne der no meardere tema’s en workshops dêr’tst út kieze kinst. Foarbylden dêrfan binne: presentation, public speaking, advocacy, networking of campaigning.

Fansels is der ek genôch plak foar oare aktiviteiten, lykas in ekskurzje nei Berat.

Liket it dy leuk ta om mei it FYK ôf te reizgjen nei Albanië? Jou dy dan foar 11 maart op fia foarsitter@fyk.nl

Training Architects

Fan 18-24 febrewaris is der by de Sloveenske minderheid yn Trst, Itaalje de Kick-off fan 2017.
“Training Architects” is der foar om de YENies te learen hoe’t sy ynformaasje en kennis nei oaren oerbringe kinne. Dit is yn it ramt fan it tema 2017: “Building Bridges.”
En om stevige brêgen te bouwen hast, yndie, arsjitekten nedich!
Ek sille der dizze wike de Minority Messengers traind wurde, dy’t nije brêgen lizze sille by minderheden.