12-19 April Peaskekongres “Speak Up!” yn Transylvania, Roemenië

Fan 12-19 april kinsto dyn tosken yn in nije YENseminar sette! En dat kin hiel tapaslik yn Transylvania, Roemenië by de Hongaarske minderheid.

De seminar is in moanne foar de EU-ferkiezings en is taspitst op jeugdpartisipaasje. Sadwaande binne de workshops foar feardichheden yn it sykjen fan ynformaasje, presintaasje, debattearjen en lobbyen. Dy feardichheden kinst ek drekst oefenje, om’t der in diskusjemiddei pland wurdt oan ‘e ein fan ‘e wike. Der binne fjouwer ûnderwerpen dêr’tst út kieze kinst om dy feardichheden yn op te dwaan en de diskusje oer te fieren, nammentlik:

  •  ynklusive edukaasje;
  • minderheden en media;
  • trochsichtigens en tagonkelikens politike beslútfoarming;
  • beskerming fan nasjonale en etnyske minderheden en de legale basis.

Fansels binne der neist de workshops ek oare dingen te dwaan lykas de wolbekende exchange market en fansels in ekskurzje om mear oer de Hongaarske minderheid en de regio fan Sepsiszentgyörgy te learen. As lêste sil ek noch de algemiene ledegearkomste fan YEN plakfine op 18 April. Genôch kânsen om dyn wurdsje te dwaan dus!

Wolst mear witte of dy opjaan? Mail dan nei foarsitter@fyk.nl

Opjaan kin oant en mei 22 maart!

Foar mear ynformaasje sjoch ek op YEN

 

Leave a Reply

Your email address will not be published. Required fields are marked *