24-26 maaie Friesendroapen op it Helgelân

Friesendroapen is it grutte trefpunt fan de Noard-, East-, en Westfriezen foar in wykein fol taal en kultuer.
It FYK is der dit jier ek by foar in program mei it tema “de Fryske kening Redbad,” mei ûnder oare in midsiuwsk kampemint, útfiering fan de Edda, in Noardfryske musical, optreden en wurkwinkel fan Baldrs Draumar, ynterfryske sportmiddei, histoaryske kuiertocht, folksdûnsjen, swimmen en in kampfjoer… en dan hawwe we noch net iens alle dingen neamd! In drok wykein fol aktiviteiten en Fryske útwiksel. De kosten rinne tusken de € 90, – en € 350,- mei de ferskillende mooglikheden fan akkommodaasje en aktiviteiten. Mear ynformaasje is te finen op de Fryske Rie
Nijsgjirrich? Opjaan kin fia foarsitter@fyk.nl

Leave a Reply

Your email address will not be published. Required fields are marked *