3-9 april Peaskekongres yn Aabenraa/Apenrade, Denemarken

ANNULEARRE FANWEGEN IT CORONAFIRUS.

Fan 3 oant en mei 9 april sil it heve yn Denemarken! It Peaskekongres  Grenzland 2.0 –100 years of best practice? –Think beyond borders sil plakhawwe yn Apenrade/Aabenraa, Denemarken  en wurdt organisearre troch trije organisaasjes dy’t de Dútske minderheid yn Denemarken en de Deenske minderheid yn Dútslân fertsjintwurdigje: Sydslesvigsk  danske  ungdomsforeninger  (Sdu),  Deutscher Jugendverband für Nordschleswig(DJN) en Junge SPitzen.

Dit jier is tige bysûnder foar dy minderheden, mei’t it presys 100 jier lyn is dat de minderheden fêstlein waarden mei de grins tusken Denemarken en Dútslân. Sadwaande wurdt it hiele jier  aktiviteiten pland yn it Grenzland.

Workshops

Foar it Peaskekongres kinst kieze út trije workshops, dy’t allegearre boud binne op it peakekongrestema “Grenzland 2.0 –100 years of best practice? –Think beyond borders” en it jiertema fan YEN “Think diverse! Minority youth in a Changing World.”

Workshop 1: Minorities against populism and nationalism

  • Ingelsk
  • Diskusje en oanpak minderheden y.f.m. populisme en nasjonalisme

Workshop 2: Grenzland 2.0

  • Dútsk
  • Opsetten as similaasjespul

Workshop 3: Minority Identity

  • Ingelsk
  • Oer identiteit, sitewaasjes en (polityk) belied fan minderheden.
  • Taspitst op nije leden/newbies

Aktiviteiten

Neist de workshops binne der ek aktiviteiten pland!

  • Liet International : it sjongfestival foar minderheden is tagelyk yn Apenrade/Aabenraa!
  • YEN-útwikseling  
  • Ekskurzje om mear te learen oer it Grenzland en de Dútske en Deenske minderheden dy’t dêr wenje.
  • General Assembly op 9 april: algemiene jiergearkomste fan YEN mei bestjoerswiksel en kâns om dy op te jaan foar in Working Group fan de YEN.

Opjaan en mear ynformaasje

Opjaan kin fia it FYK oant en mei 14 maart! Jou by dyn opjefte ek oan hokker workshop dy moai taliket en oftsto oanwêzich wêze silst mei de General Assembly.

Mear ynformaasje is te finen yn de call for participants. Foar fragen en/of opjefte kinst maile nei it FYK


ANNULEARRE FANWEGEN IT CORONAFIRUS.