7-13 oktober Hjerstkongres yn Sotchi, Ruslân

Alder, it is al simmersk waarm, mar wy moatte al neitinke oer de hjerst!
Want fan 7-13 oktober is der it Hjerstkongres “gather up!” yn Sotchi, Ruslân by de Dútske minderheid.
De wike is opspjalte yn twa parten. Foar it earste part kinst dy opjaan foar in workshop (wurktaal Ingelsk) foar it opsetten fan:
– in lokaal projekt
– in ynternasjonaal projekt
– in digitaal projekt

It twadde part rjochter him ta de duorsumens en de takomst fan in jongereinorganisaasje, om’t de YEN harren 35ste besteansjier fiert.

Fansels is der ek romte foar de kulturele útwiksel én in ekskurzje om de Dútske minderheid better kennen te learen yn Ruslân.

Opjaan kin oant en mei 20 juny. It is ekstra betiid fanwegen de ekstra saken dy’t regele wurde moatte (fisum bygelyks).

Wolsto mear witte of wolsto dy opjaan? Mail dan nei foarsitter@fyk.nl

Leave a Reply

Your email address will not be published. Required fields are marked *