10-16 febrewaris Kick-Off yn Csolnok, Hongarije

De YEN Kick-Off sil organisearre wurde by de Dútske minderheid yn Hongarije en sil plakfine yn Csolnok/Tscholnok fan 10-16 febrewaris 2020.

It tema fan it jier foar YEN is “Think Diverse! Minority youth in a changing world.”
De Kick-Off sil dêrom ôftraapje mei “Think equally”, dêr’t de workshops taspitst binne op minskerjochten en de eigen minderheidsituaasje.

Neist de workshops is der ek tiid om mear oer de Dútske minderheid yn Hongarije te learen mei in ekskurzje, mar is der ek romte om oer inoar te learen. Neist GJU, Gemeinschaft Junger Ungarndeutscher, sil ek de Slovaakske feriening MASZFIS – Organizácia  slovenskej  mládeže  v  Maďarsku –  mei-organisearje, dat do silst ek noch oer de Slovaken yn Hongarije leare.

Sjoch foar alle ynformaasje oer it evenemint yn de Call for Participants.

Dielnimmerskosten binne €100 foar de hiele wike ynklusyf workshops, iten en ûnderdak. Foar de reiskosten kinst kontakt opnimme mei it FYK.

Mail foar mear ynformaasje of om dy op te jaan nei foarsitter@fyk.nl
Opjaan kin oant 7 jannewaris.