Hoe wurdst lid fan it FYK?
Kinst dy opjaan troch it ynskriuwformulier te printsjen en op te stjoeren nei ús. Dat mei fia de post nei Postbus 2548, 8901 AA Ljouwert of fia de mail nei FYK. Op dy wize kinst de ponghâlder machtigje om ienris yn it jier it ledejild fan dyn rekken ôf te skriuwen.
It earste jier is it ledejild €17,50 en fan it twadde jier ôf betellest € 25,-.
It is ek mooglik om stiper te wurden fan it FYK!
Wolst dyn lidmaatskip of stiperskip opsizze?
Nim dan kontakt op. Hâld der rekken mei dat úterlik in moanne foar de ein fan it kalinderjier opsein wurde kin.