It FYK is in feriening fan entûsjaste jonge minsken dy’t nijsgjirrich binne nei oare kultueren en fan reizgjen hâlde.

Wy bringe jongerein út hiel Europe byinoar, fia útwiksels en kongressen en yn Fryslân sels organisearje wy ek leuke aktiFYKteiten!

It FYK jout dy de mooglikheid om de grins oer te gean mei it Frysk en oare minderheden te moetsjen. Sa ferbredest dyn kennis oer minderheden, kultuer, talen en polityk op in hiele leuke, avontuerlike manier.

It FYK is dyn doar ta ynternasjonale kontakten!


Is it FYK wat foar dy?

  • Do wolst mei it Frysk de grinzen oer
  • Do bist ynteressearre yn oare talen en kultueren
  • Do wolst dyn eigen ideeën en kultuer mei oaren diele
  • Do wolst kennis opdwaan en ferbreedzje
  • Do reizgest graach foar net al te folle jild troch Europa
  • Do bist tusken de 18 en 30 jier âld

Werkenst dysels yn dit listke? FanFYKingtastysk! Sjoch dan ûnder ‘Lid wurde’ yn it menu of nim kontakt op.


Aktifykteiten

By it FYK kinst meidwaan oan allegearre aktiviteiten. Sa kinst 3-4 kear yn it jier meidwaan oan de ynternasjonale eveneminten fan it Europeeske YEN of oan de útwiksels of aktiviteiten dat it FYK sels organisearret!

Sjoch yn it menu  under ‘Aktifykteiten’ foar it oersjoch fan oankommende reizen en aktiviteiten!

By it Europeeske koepelorgaan YEN (Youth of European Nationalities) binne neist it FYK noch tal fan oare organisaasjes út hiel Europa oansletten, dy’t allegear harren eigen kongressen en projekten organisearje: Muzykfestivals, sporttoernoaien, berchkuiertochten en fansels útwiksels, want wat is der no moaier dan fia kontakt mei in oare kultuer mear oer de eigen kultuer te learen.

Sels ha wy  sûnt 1989 ek tal fan útwiksels en kongressen organisearre. Derneist organisearje wy yn Fryslân sels ek sa no en dan aktifykteiten foar ús leden.


Eardere ynternasjonale eveneminten yn Fryslân

Fan 5 oant en mei 12 augustus 2018 organisearren wy it Diversity Festival 2018! Sjoch op: Diversity Festival 2018

Op 3 oktober 2017 wie der in busfol minderheden nei Fryslân!  Minority Bustour 2017


Te âld om lid te wurden? Stypje ús!

Binne jo boppe de 35, mar fine jo de doelen en leden fan it FYK al sympatyk? Folje dan foaral ek it formulier ûnder ‘Lid wurde’ yn.
Jo wurde dan stiper en ûntfange krekt as de leden ús ferieningsnijs. Dêrneist wurde jo sa no en dan útnûge foar aktiFYKteiten yn Fryslân dêr’t wy  leden en stipers mei inoar yn kontakt bringe.