Reizgje mei nei Noard-Masedoanië foar evenemint mei Europeeske taalminderheden (16-30 jier)

Fan 13 oant en mei 19 febrewaris kinsto mei it FYK nei Kruševo, Noard-Masedoanië reizgje foar in evenemint foar Europeeske taalminderheden!

Dan is it YEN Kick-Off evenemint, organisearre troch de Vlach minderheid yn Noard-Masedoanië. Oerdeis silst yn de workshop diskusearje oer tradysjes en wat dy betsjutte foar in minderheid, hoe’t dy hjoed-de-dei in plak hawwe of (oard) ynfold wurde kinne. Ek is der in ekskurzje om mear te learen oer de Vlach. Fansels is der ek de Cultural Exchange Market om noch mear te learen oer alle oare minderheden dy’t oansletten binne by de YEN.

Kosten om mei te dwaan foar de hiele wike (ynkl. akkomodaasje, programma en iten) is €100,-.

Lês alle ynformaasje yn de call. Opjefte kin fia it FYK oant 21 jannewaris.

It FYK, Frysk Ynternasjonaal Kontakt, jout dy de mooglikheid om de grins oer te gean en jongerein fan oare taalminderheden te moetsjen. Sa ferbredest dyn kennis oer minderheden, kultuer, talen en polityk op in hiele leuke, avontuerlike manier. De YEN, Youth of European Nationalities, is in koepelorgaan foar jongereinferienings fan Europeeske taalminderheden.

Fragen? Stel dy oan foarsitter @ fyk.frl

Reizgje mei nei it Peaskekongres yn Eastenryk: 31 maart-6/7 april

Fan 31 maart oant 6/7 april kinsto mei nei Oberwart/Borta, Eastenryk foar in evenemint foar jongerein (16-30 jier) fan Europeeske taalminderheden!

Dan is der it Peaskekongres, organisearre troch YEN en “Hrvatski akademski klub” (HAK), de jongereinferieining foar BUrgenlandkroaten yn Eastenryk.

Aktiviteiten

De stêd is it thúsplak fan trije minderheden: de Burgenlandkroaten, de Hongaarske minderheid en de Roma mienskip. Sadwaande hat it wol 4 nammen:  Oberwart, Borta, Felsőőr, Erba. Op ekskurzje silst mear leare oer de Burgenlandkroaten.

Yn de wike bist foaral dwaande wêze mei de workshop, dêr’tst diskusjearje silst oer tradysjes en wat it betsjut om part te fielen fan in taalminderheidsmienskip.

Op 6 april hat de algemiene ledegearkomste (general assembly) plak fan it YEN. Minsken dy’t dêr net oan meidogge, kinne op 6 april fuort.

Kosten & opjefte

Kosten om mei te dwaan foar de hiele wike (ynkl. akkomodaasje, programma en iten) is €100,-. Freegje by it FYK nei mooglikheden om finansjele stipe te krijen foar dyn reis.

Lês alle ynformaasje yn de call. Opjefte kin fia it FYK oant 11 maart.

FYK & YEN

It FYK, Frysk Ynternasjonaal Kontakt, jout dy de mooglikheid om de grins oer te gean en jongerein fan oare taalminderheden te moetsjen. Sa ferbredest dyn kennis oer minderheden, kultuer, talen en polityk op in hiele leuke, avontuerlike manier. De YEN, Youth of European Nationalities, is in koepelorgaan foar jongereinferienings fan Europeeske taalminderheden.

Fragen? Stel dy oan foarsitter @ fyk.frl

Gean mei: Diversity Festival 25 juny-3 july 2022 yn Eastenryk

Fan 25 juny – 3 july hat it Diversity Festival ‘UTOPijA’ plak yn Carinthia / Koroška, Eastenryk by de Karintyske Slovenen

It Diversity Festival is echt op de talen en kultueren rjochten. Kinst kieze út fjouwer workshops (fiertaal: Ingelsk) om dy wike mei te dwaan:

  • Minority Dance party
  • Filmmaking
  • Choir
  • Puppet theatre

Klub slovenskih študentkov in student na Dunaju (KSŠŠD) organisearret it festival en sil dy mear sjen litte fan it gebiet en mear fertelle oer de minderheid.Tagelyk mei it diversity festival is yn Karintië ek de Europeada, it ynternasjonale fuotbaltoernoai foar Europeeske minderheden. Fansels stiet der in besite pland om ek in wedstryd mei te meitsjen.

Dielnimmerskosten binne €100,- Dat is ynklusyf akkomodaasje, iten, ekskurzjes en de workshops. Mochtest fragen hawwe oer de reiskosten, lit it foaral witte.

Mear ynformaasje is te finen yn de call for participants of freegje by it FYK. Opjefte kin by it FYK, foar 31 maaie.

Gean mei nei it grinslân Dútslân/Denemarken mei it peaskekongres!

Gean mei nei it grinslân Dútslân/Denemarken mei it peaskekongres!

De Youth of European Nationalities (YEN) organisearret it Peaskekongres “time to think” yn Knivsberg, Denemarken fan 8-14/15 april, 2022. De YEN is de grutste organisaasje foar jongerein fan Europeeske minderheden. Wolsto (16-30 jier) meidwaan? Dat kin!

Yn 2020 wie it hûndert jier lyn dat de grins fan hjoed-de-dei fêstlein waard. Dat – en de goeie gearwurking fan it grinslân – soe grut fierd wurde. Lykwols kaam dat fansels oars, sa ek it peaskekongres, dat no,  twa jier, letter plakhat. Dit peaskekongres leit de fokus op identiteit, rjochten, jongerein fan minderheden en it ûntwikkeljen  fan feardichheden.

It organisaasjeteam bestiet út de Jugendverband für Nordschleswig (DJN) (Dútske minderheid yn Denemarken) Sydslesvigsk danske Ungdomsforeninger (SdU) (Deenske minderheid yn Dútslân). Sy sille dy ek meinimme op ekskurzje om mear fan it grinslân en harren minderheden te ûntdekken.

Yn de wike binne der twa workshops om út te kiezen:

  • Workshop 1 – ”Grenzland 2.0”

“Grænzland 2.0” sjocht nei de kânsen fan de grinsregio tusken Dútslân en Denemarken, dat yn 2020 harren 100ste jier mei de besteande grins (en gearwurking) fierde.  De workshop is yn it Dútsk

  • Workshop 2 – “Identity and Minority rights”

 “Identity and Minority rights” sjocht nei identiteit en minderheidsrjochten. Yn de workshop komt de eigen identiteit oan bod en hoe’t de minderheid dêr ynfloed op hat. De workshop is yn it Ingelsk

Kosten foar dielname, akkomodaasje en iten binne €100,-. Dielnimmers kinne harren allinne opjaan fia it FYK. Opjefte oant en mei 19 maart.

Foar mear ynformaasje oer it evenemint, workshops en YEN, of opjefte: nim foaral kontakt op mei it FYK

Autumn Seminar “Rewriting our story”

Guon aktiviteiten wurde stachinoan wer oppakt, sa ek de ynternasjonale kontakten.

De YEN sil Autumn Seminar “Rewriting our story” organisearje fan 1-7 novimber 2021 yn Lorient, Brettanje, Frankryk.

De seminar wurdt mei-organisearre troch Kenstroll Breizh , de Betonske jongereinferiening.

Wolsto in wike lang mear oer de Bretonske minderheid leare, Europeeske taalminderheden moetsje en leuke workshops folgje? Jou dy dan op fia it FYK.

Every day we are surrounded by stories and narratives that influence how we think about other people, society, and the world. Most of the time we only listen to those who are the loudest, the most powerful or have the best networks. Sadly, this often means that only one-sided, over-simplified or wrong stories are told about marginalised communities.

The Seminar will focus on the exploration and reflection of storytelling while providing concrete and creative tools for the creation of their own stories.

De fiertaal sil Ingelsk wêze. Yn de taheakke stiet mear ynformaasje oer de workshops, de omjouwing en de koroanamaatregels. De kosten om diel te nimmen binne €100,-, foar de akkomodaasje, iten en de aktiviteiten fan dy wike. Reiskosten wurde foar in part fergoede. Foar finansjele help is oerlis altyd mooglik.

De deadline om dy op te jaan (fia it FYK) is 3 oktober.

Mear ynformaasje opfreegje, fragen of dy opjaan? Mail us!

Privacy

Wolst mear witte oer ús privacybelied? Stjoer dan in mail nei it bestjoer.