Reizgje mei nei it Peaskekongres yn Eastenryk: 31 maart-6/7 april

Fan 31 maart oant 6/7 april kinsto mei nei Oberwart/Borta, Eastenryk foar in evenemint foar jongerein (16-30 jier) fan Europeeske taalminderheden!

Dan is der it Peaskekongres, organisearre troch YEN en “Hrvatski akademski klub” (HAK), de jongereinferieining foar BUrgenlandkroaten yn Eastenryk.

Aktiviteiten

De stêd is it thúsplak fan trije minderheden: de Burgenlandkroaten, de Hongaarske minderheid en de Roma mienskip. Sadwaande hat it wol 4 nammen:  Oberwart, Borta, Felsőőr, Erba. Op ekskurzje silst mear leare oer de Burgenlandkroaten.

Yn de wike bist foaral dwaande wêze mei de workshop, dêr’tst diskusjearje silst oer tradysjes en wat it betsjut om part te fielen fan in taalminderheidsmienskip.

Op 6 april hat de algemiene ledegearkomste (general assembly) plak fan it YEN. Minsken dy’t dêr net oan meidogge, kinne op 6 april fuort.

Kosten & opjefte

Kosten om mei te dwaan foar de hiele wike (ynkl. akkomodaasje, programma en iten) is €100,-. Freegje by it FYK nei mooglikheden om finansjele stipe te krijen foar dyn reis.

Lês alle ynformaasje yn de call. Opjefte kin fia it FYK oant 11 maart.

FYK & YEN

It FYK, Frysk Ynternasjonaal Kontakt, jout dy de mooglikheid om de grins oer te gean en jongerein fan oare taalminderheden te moetsjen. Sa ferbredest dyn kennis oer minderheden, kultuer, talen en polityk op in hiele leuke, avontuerlike manier. De YEN, Youth of European Nationalities, is in koepelorgaan foar jongereinferienings fan Europeeske taalminderheden.

Fragen? Stel dy oan foarsitter @ fyk.frl