Wa binne wy?

Frysk Ynternasjonaal Kontakt is in feriening fan entûsjaste jonge minsken dy’t nijsgjirrich binne nei oare kultueren en dy’t hâlde fan reizgjen. It FYK leit him ta op it byinoar bringen fan jongerein fan minderheidskultueren yn Europa.

As FYK’er kinst hiel Europa troch reizgje en komst op plakken dêr’st grif nea west hast. Op reis makkest ynternasjonale freonen, learst fan oare kultueren en gebrûken, en draachst sa by oan de ûnderlinge begryp en bining tusken befolkingsgroepen yn Europa.

Derneist stribbet it FYK ek nei de bewustwurding fan Fryske jongerein fan syn eigen taal, kultuer en posysje as minderheid.


Wat dogge wy?

It FYK bringt Fryske jongerein yn kontakt mei oare Europeeske minderheden. Hjirtroch wurdt der reizge nei alle hoeken fan it kontinint foar útwiksels en kongressen. It FYK kin fan dy in ynternasjonale Fries meitsjen: dy  bewust te meitsjen fan de Fryske posysje, oare minderheden, talen, kultueren en polityk. Troch ús koepelorganisaasje YEN krigest tagong ta in ferskaat oan eveneminten. Dy eveneminten binne de Kick Off yn febrewaris, de Easter Seminar foar Peaske, it Diversity Festival yn ‘e simmer en de Youth Leader Seminar yn ‘e hjerst.


Wat jout it FYK dy as lid?

  • aktiFYKteiten binnen Fryslân;
  • útwiksels en aktiviteiten yn Europa foar in oantreklike priis;
  • ynternasjonale kongressen en workshops
  • de ‘FYK-ljepper’
  • in soad wille en nije freonen

Hokker belang hasto by it FYK?

  • opdwaan en it ferbreedzjen fan kennis
  • tagong ta ynternasjonale kontakten
  • mooglikheid om kommisjes of bestjoer te dwaan
  • mooglikheid om yn ynternasjonale wurkgroepen te stappen